Voortgang maatregel

G

Yn de maitiid fan 2025 is in evaluaasje fan ús Fryske taalbelied oplevere, folge troch in fernijd ‘Beliedsplan Fryske taal 2025-2029’ dat oanslút by de wetlike ôfspraken dêr’t Wetterskip Fryslân ek oan bûn is. Dit beliedsplan is yn july fêststeld troch it algemien bestjoer. Underdiel hjirfan binne sân maatregels dy't derfoar soargje moatte dat it Frysk faker en better sichtber is, sadat elkenien him útnûge fielt om de taal sels ek te brûken yn syn kontakten mei it wetterskip. De earste útwurking fan dizze aksjes is fuortendaliks yn gong setten. Stikken foar it algemien bestjoer ha sûnt de simmer in ynlieding yn twa talen. Yn ’e mande mei ús technyske eksperts wurdt ek wurke oan de útfiering (yn 2026) fan de kar fan ús algemien bestjoer om oer te gean nei in nij digitaal haadadres: wetterskip.frl. ?